24 augustus 2024
Eastermar bloei mar ta!
Iepening Bloeiwike
Saterdeitemoarn 24 augustus is de Bloeiwike fan Eastermar feestelik iepene.
Eastermar nimt it stokje oer fan Wergea en lit oant en mei 30 augustus it doarp noch
mear en noch moaier bloeie. Dit gebeurt troch it organisearjen fan in hiele protte
aktiviteiten troch en foar de doarpsgenoaten. It is de bedoeling dat der sawysa folle
oandacht is foar natuer, kultuer, duorsumens, sûnens en fansels mienskip.
Yn in prachtich oanklaaide tinte op de Eastermarder Iterstún en mei in protte folk, toveren
boargemaster Jeroen Gebben, Bouwe de Boer fan freonen fan fossylfrij Fryslân, Eltine
Wiersema fan Enerzjyk Eastermar en Jellie Ewoldt fan de Iterstún – bosk dizze wike iepen
mei de wurden: EA, BLOEI MAR TA!
De wurden binne foarme troch blombollen. Safolle dielnimmers meidogge oan de
aktiviteiten dizze wike, safolle bollen kinne letter yn Eastermarder grûn. Gebben priizge it
doarp. De mienskip wurdt der aktyf by belutsen. Om grutsk op te wêzen. Hy oppere it idee
om it oare jier wèr mei te dwaan? Wèr foar it Easterbarren op?
Achter de skerms binne yndividuen of groepkes Eastermarders al hiel lang dwaande om
meiïnoar in pracht programma gear te stallen en it doarp letterlik yn de blomkes te setten.
Foarsitter Wiebe Visser jout oan dat it in goeie saak is regelmjittich efkes op it
blokkenskema te sjen of der ek oanpassingen binne yn de aktiviteiten.
Eastermar Bloeit folgje op instagram en facebook is ek ynformatyf en oan te rieden!